It is der net oan te sjen, mar wy hawwe alwer it grutste part fan ’e winter efter de rêch. Op ’t stuit dat ik dit skriuw is it njoggen graden en der stiet in heale stoarm mei wynkrêft seis.
De winterske buien hawwe oan ’t no ta allinne noch mar foar it grutste part bestien út in protte wyn en in protte reinwetter. Net folle snie as wiete snie. En de snie dy’t der fallen is wie ek samar wer fourt.
De foertafel foar de fûgels leit plat op ’e grûn. Nee, hy is net omwaait. Mar om foar te kommen dat ik in nije tafel meitsje moat ha ik him sels mar plat op ’e stienen lein. Foar it bisteguod is der noch fretten genôch. It tou dêr’t de apenuten oan rige binne, hat net in fûgel each foar. Mar wat wolle jo ek as in lyts eintsje fierderop in nútsjesmoarpot hinget. Dat is folle makliker dan om earst de doppen fan ’e apenuten stikken te meitsjen. Sels de miezen, dy’t der oars sljocht op binne, sykje de maklikste wei en fleane nei it potsje mei kant en kleare fyn prûsde apenuten. Ja werom ek net. Wy helje de beantsjes en ’e koal ek út in potsje om’t it maklik is. Trouwens mei sok waar sjocht men ek net folle fûgels. Hja sille de smoute ek wol opsocht ha. Sa út en troch komt is in mosk út ’e hage om in pear bekfol út it nútsjesmoarpotsje te heljen. Ek seach ik noch in lyster mei gefoel in wjirm út de grûn lûken. Fretten genôch op ’t stuit, en as it waar sa bliuwt dan sil der ek in soad fretten bliuwe. Oan ’e pergola hinget noch in beltsjeblom dy’t oan ’e nachtfroast fan in skoft ferlien noch folop yn bloei stie.
Hja hinget der no wat treasteleas by en ik sil him as it straks droech wurd yn ’e grienkontener miterje.
Dit is fan dat waar dat der foar soarget dat jo nearne gjin nocht oan hawwe en fan ellinde mar efter de kompjûter krûpe. Miskien dat der noch in ferhaaltsje út rollet. It soe al in wûnder wêze dat soks dan wol wer slagget.
We hawwe plannen om it efter ús hûs wat oan te passen. Der moat noch in stikje ôfdak by komme. Ik ha tsjin Geartsje sein dat, as it droech waar is en it net folle kâlder wurd, ik der dan mar mei oan ’e gong gean. Sa as it no is ha ik der gjin nocht oan. Stom fan my om dêr oer te begjinnen. Ik hie it witte kinnen, want no sy se dat ik dan earst wol mei de badkeamer begjinne kin, dy’t nedich in opknapbeurt ha moat. Mar ek dêr ha ik mei dit waar gjin sprút nocht oan. Krekt en gelyk as ik dat foarich jier ek net hie.
mooi ferhaaltje en niet teveel ofer werk praaten.als de frau er bij is.ikmoet sagen.
weer mooi gedaan,henk gr berti,
Jo moatte miskien de froulje net sa bot fuorje tiidens in kwakkelwinter.
It bringt se op iiskalde foarstellen…
Sukses mei de badkeamer!