Mei ferbjustering lies ik yn de Ljouwerter dat it grutbringen fan in skries meer as € 2000,- kostet. Ik moat sizze dat de mûle my der fan iepen foel.
It is dochs net te leauwen dat der safolle jild oan spansearre wurdt. Tagelyks sil der ek wol in stik jild útjûn wurde om de rôffûgel populaasje yn stân te hâlden. It binne allegearre knappe koppen die harren der mei dwaande hâlde en der ek noch in soad jild oan fertsjinje, en it hellet neat út. De greidefûgel sil sa stadichoan hielendal – miskien op in pear nei – út ús Fryske lân ferdwine. It tal knappe koppen sil net yn ferhâlding mei werom rinne en derom sil in jonge skries oer in jier as wat wol mear as € 4.000,- kostje. Tagelyks sil de rôffûgelstân ek werom rinne om’t der gjin fretten mear foar harren is. Dan sil der ek wer mear jild yn stutsen wurde.
Úteinlik bliuwt der hast gjin fûgel mear oer en binne allinne noch de knappe koppen die harren ynsette oant de lêste skries ta. As die it meimakket om grut te wurden dan kostet sa’n jonge skries om-ende-by € 1.000.000.-
Mar foar it safier is dan kin ús kuorbalferiening der ek noch in bytsje fan mei pikke. Want as we it fjildsje efter it nije keunstgersfjild – dat tink ik dochs net in soad brûkt wurd – no ris brûke as briedgebiet foar de skries.
As de gemeente it no net foar july meant, dan kinne die der ek in soad kosten op besparje. En ús gemeente kennende sil die der tagelyks my ynstimme, want elke sint die se fertsjinje kinne hâld yn dat se wer wat langer selsstannich bliuwe kinne.
As we no sels in pear boadsjes oan de ljochtmêsten hingje my in foto fan in skries der op, dan moatte jo ris sjen hoefolle skriezen der op of komme. In pylk yn de rjochting fan it fjild makket it harren noch dúdliker.
Lit ik no net oerdriuwe, mar tsien jonge skriezen moat dochs ta de mooglikheid hearre. It soe ek samar mear wêze kinne. Mar hâld it op tsien.
In rekkensomke leart my dat we dan tsien kear € 2.000,- dat is € 20.000.- fan de provinsje barre kinne. Dan is dat oer trije jier trije kear € 20.000.- en dat makket meimekoar € 60.000.- . It soe sels noch mear wêze kinne om’t de populaasje op oare plakken efterút rint, en dan kin de priis fan in jonge skries flink omheech rinne. Mar die € 60.000.- is wol krekt it bedrach dat we nedich ha om ús hiele keunstgersfjild projekt te realisearjen.
Der binne gjin knappe koppen foar nedich.
Sykje
Henkie fan de Polderdyk
Bysûndere mominten
De ferhalen
- De Histoarje fan de Damslûs, 1850 - no
- Krystferhaal: “Mei pake om ’e tafel”
- In bysûndere dei,
- Hijlke Watze Watzema
- De Tynje
- “Dêr’t heit foar ús it brea fertsjinne”
- Jierdei
- De Skets
- Staand netje, ( Steand netsje, oersetten yn it Amelânsk troch Jacob Roep.)
- Winter,
- Fiskers
- Skriuwer of Hampelman,
- Freedtejûns, ( Ut HfdP I )
- De Koaibosk, ( Ut HfdP I )
- Frij Fryslân ( Ut HfdP II )
- Bânlapje (Band plakken) - (Ut 'e jûn fan Terwispel)
- Foto's Damslûs
- Skriezen, (út it Mikpunt)
- It âlde doarp (út Wispelweagen)
- Esther Colthof (út HfdP)
- De Brazem ( Ut HfdP I )
- It Moskje (út HfdP)
- Folksliet ( Ut HfdP I )
- Skriuwen oan myn mem
- Ode oan Jan ( út it Mikpunt )
- Stambeam
Best besochte siden
- De Histoarje fan de Damslûs, 1850 – no - 30.152 besjoen
- It 3e boekje is berne ( novimber 2015 ) - 22.895 besjoen
- It âlde doarp (út Wispelweagen) - 12.405 besjoen
- Frij Fryslân ( Ut HfdP II ) - 11.028 besjoen
- Winter, - 10.465 besjoen
Lêste reaksjes
- Wiebe Veenstra op It âlde doarp (út Wispelweagen)
- Frans Wuijts op It 3e boekje is berne ( novimber 2015 )
- Hinke Veenstra op Skriuwer of Hampelman,
- Douwe de Haan op Winter,
- bertii de heij op Winter,
-
Behearder