It Moskje (út HfdP)

Mantsje mosk, by ús efter hûs,
fielde him ferskriklik allinne.
Mar yn in omsjoch feroare dat,
en kamen der moskjewyfkes om him hinne.

Ynienen feroare der ek wat yn syn lichem,
en doe tocht hy, ferhip.
As ik myn hormoanen folgje sil,
ha ik no wol sin yn in moskje wip.

Hy toarke foarearst wat om harren hinne,
sis mar hy huppele yn in rûntsje,
Mar foar dat in moskjewyfke it troch hie,
pakte hy har samar by it moskekontsje.

Hja ferwarre har foarearst wat tsjin,
mar hy hold har stevich fêst.
Doe liet hja it ek mar gewurde,
en fûn it fjirders ek wol bêst.

Nei it wipke hawwe se noch wat kromkes iten,
mar gienen net fierder, wie harren beslút.
Hja binne beide wer de loft yn gongen,
hy fleach nei it noarden ta, sy gie rjochting súd.

Yn ’e bistewrâld is it skynber gewoan, sa’n fersetsje,
en hja kinne der sels noch wol om laitsje.
By de minsken leit it oars want dan kin it beteare,
dat jo in skoftsje pûdsjes plakke moatte en houten knipers meitsje.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *