In bysûndere dei,

Tiisdei 25 maart 2014 is foar my in bysûndere dei wurden.
Dy moarns bin ik yn Britsum yn ’e auto stapt en nei de Sweach riden, dêr’t ik om healwei âlven in ôfspraak hie mei de âld dominy fan Terwispel, Menno Strikwerda en syn frou Greet.
Doe’t ik him de deis foarôf oan ’e tillefoan hie, en frege as ik wol efkes lâns komme koe, moast hy earst yn syn aginda sjen. It komt net faak foar dat minsken fan 93 en 90 jier in aginda nedich hawwe om’t se nochal in drok libben hawwe.

Chris
Begjin maart waard ik skille troch Janna vd Werf út Terwispel. Janna wurket, sa’t se tsjin my sei, op ’e Sweach yn it “Huys ter Swaech”.
Dizze nije lokaasje is foar âldere minsken dy’t op harren sels wenje, mar wol in folsleine fersoarging nedich hawwe.
Janna skille út namme fan dominy Strikwerda, dy’t dêr ek mei syn frou wennet.
Dominy hie heard dat op ’e klaai in jongknaap fan oer de 65 jier omrûn, dy’t yn Terwispel berne wie en wolris ferhalen skreau oer minsken út syn bertedoarp.
Hy hie Janna frege as dy it ek regelje koe dat hy myn beide boekjes yn syn besit krije koe. Dat wie Janna wol tabetroud en it is foarelkoar kaam.
Frij gau dêrnei krige ik in brief fan deselde dominy, dêr’t hy yn fertelde dat hy mei in soad nocht de boekjes oan it lêzen wie.
Hy skreau ek dat hy my net koe, mar ús Chris en ús Mettsje wol. Beiden koe hy noch wol út de jongerein.
Dominy hat fan 1951 oant 1956 yn Terwispel stien en hie dêr in sterke bân mei de minsken, foaral mei it jongfolk.
Yn ’e brief stie ek dat as ik de kâns krige, mar ris in kear lâns komme moast.
As jo witte dat de man doe 93, en ûndertusken al 94 is, dan moatte jo dy kâns ek net te lang op jo wachtsje litte, want it is my wol faker oerkaam dat ik te let wie.

De Protters
In dei as wat letter wienen wy by Lammie, de widdo fan ús Chris, en doe kaam it ek te praat oer Janna en dominy Strikwerda.
Lammie sei doe dat se noch in notuleboek hie, fan ’e jongesferiening fan ’e herfoarme tsjerke fan Terwispel “De Protters”.
Us Chris, dy’t sân jier âlder wie as my en yn 1982 troch in ûngemak om it libben kaam is, wie ek ien fan ’e jonge knapen dy’t yn it boek skreaun hat.
Ik ha it notuleboek meinommen en haw it lêzen.
Fan de jûnen dy’t de jonge knapen, yn ’e leeftyd fan sa’n fjirtjin oant sechstjin jier, yn ’e konsistoarje bymekoar kamen, waard troch ien fan harren de notulen makke.
Ik moat sizze it binne bysûndere notulen.
De kreativiteit fan de knapen strielde derôf, fan bibelteksten oan ’t krystferhalen.
It notuleboek hat lykwols in abrupt ein krigen, om’t nei de notulen fan ús Chris der nea wer yn skreaun is.
It hat bliken dien dat doe’t dominy fuort gie, dêrmei de jongesferiening ophold fan bestean.
It notuleboek is by ús thús, op ’e Damslûs, efterbleaun.

Skoalfeest
Mei it notuleboek fan’e “Protters” yn’e tas en in blomke foar de frou, bin ik op 25 maart ôfset nei de Sweach.
Op ’e Sweach oankaam, bin ik fuortdaliks nei “Huys ter Swaech” gien. In nij wenblok, dat der kreas útsjocht.
Doe’t ik oanbelle gie de doar al rillegau iepen en stie dominy Strikwerda foar my.
It earste wat my opfoel doe’t ik by harren yn ’e keamer stie wie harren útsicht op it tsjerkje fan ’e Sweach. Tapasliker kin it net, soe ik sizze. Al rillegau waard mei it ferhaal útein set. Dominy fertelde oer de moaie tiid dy’t se yn Terwispel hân hienen en dêr’t ek twa fan harren trije bern berne binne. Ien fan harren is berne wylst it skoalfeest dwaande wie.
“Ik wit it noch as de dei fan juster,” fertelde hy. “ Doe’t de optocht by ús foar de doar lâns ried, stie ik efter it rút te swaaien en lei myn frou efter my op bêd, yn ’e weeën”.
Dominy sels kaam fan ’e Grinzer kant, út Marum.
Nei syn stúdzje kaam hy as jong dominy yn Terwispel telâne mei de útdaging om mear folk yn ’e tsjerke te krijen, en te hâlden.
Yn en troch de ferfeaning wie it tsjerkegean folle minder wurden, en om dat wer op it âlde peil werom te bringen foel net ta.
It is him net slagge en ek de foargongers dy’t nei him kamen hawwe it net foarinoar krigen. Oant it momint kaam, dat de gemeente gjin dominy mear betelje koe en de pastorij leech kaam te stean.

Us ferlosser
Dominy fertelde oer syn begjintiid doe’t hy yn Terwispel wie. Der waard him ferteld dat as hy op húsbesyk gie, hy allinne mar nei de minsken hoegde te gean, dy’t lid fan ’e tsjerke wienen.
Mar doe’t bliken die dat hy dêr yn in sucht en in skeet trochhinne wie, hat hy foar himsels mar besluten om fan doar oant doar te gean sadat hy fuortdaliks ek mei de net tsjerkegongers fan Terwispel yn ’e kunde komme koe.
Hy sil doe ek wol tocht ha: “Baat het niet, het schaadt ook niet.”
Dominy fertelde my dat hy op in kear by in wâldhúske oankloppe. It wie yn dy tiid noch klopjen as “Folk yn” roppe, want in knopke op it kezyn dêr’t in “ding-dong” lûd troch ûntstie, hienen de minsken noch net. Op syn heechst in knop dêr’t jo oan lûke moasten sadat oan ’e oare kant fan ’e doar in hels lawaai fan in belle ûntstie.
De man, dy’t de doar iepen die, seach earst nochal wat nuver nei de wyldfrjemde man dy’t kreas yn ’t pak foar him stie. “Mar nei’t ik my foarsteld hie as de nije dominy fan Terwispel, waard ik yn ’e hûs litten,” sei dominy, “It wienen âlderaardichste minsken. Mar doe’t we goed en wol yn ’e keamer wienen gie de man foar my stean en sei: Jo meie hjir wol komme, jo kinne ek wol kofje krije, mar dêr boppe de skoarstienmantel hinget ús ferlosser, en dêr feroaret neat oan.”
Dominy Strikwerda stie each yn each mei in grut portret fan Domela Nieuwenhuis.

Gij ook aan Mij gedaan
“It wie yn Terwispel ek de gewoante,” sa fertelde Strikwerda, “as der ien kaam te ferstjerren, dat dominy ek efkes lâns kaam. As men no leaude as net leaude, it makke neat út, it wie tradysje.”
Der wie fierders ek gjinien dy’t oer in begraffenis wat sizze koe, en der moast wol it ien en oare regele wurde. Dominy wist feitlik doe noch net hoe it hjir om en ta gie, sis mar, it wie foar him ek allegear nij.
“It wie noch yn it begjin dat ik yn Terwispel wie dat ik nei in frou moast dêr’t de man fan ferstoan wie”, sei dominy. “Ik wist eigentlik net, sa’t ik al sei, hoe ik der mei oan moast. De minsken wienen ek net lid fan ’e tsjerke”.
Doe’t wy in skoftsje praat hienen sei ik tsjin har: “Ik gean mar wer, want ik kin tink ik, fierders ek neat foar jo betsjutte”. Mar noch foar dat ik my omdraaie koe krige ik fan har te hearren: “Neat foar my betsjutte?, Jo tinke dochs net dat ik myn man as in hûn bedobje litte sil, sûnder dat immen der efkes by stilstiet”.
“Ik hie wer wat leard,” fertelde dominy.
“It kaam ek wol foar dat ik it wurd dwaan moast as der immen by Froukje fan Hiske út it kafee wei droegen waard. Ik wit noch wol dat ik in kear it wurd dwaan moast en dat hja my doe fregen as Gerrit Roorda fan’e Tynje ek wat sizze mocht. Ik hie dêr gjin beswier tsjin,”sei dominy.” Want ik wist wol sa’n bytsje wat Gerrit sizze soe. Gerrit helle altiid de Bibeltekst oan: Wat Gij aan de minste mijner broederen hebt gedaan, dat hebt Gij ook aan Mij gedaan”.
“Soks ferjit ik nea wer.” sei Strikwerda, dy’t de tekst al sa faak heard hie dat hy him no noch út ’e holle opsizze koe.
Gerrit en Pietsje Roorda binne letter freonen fan harren wurden.

Mûzen
“Ik ha der spyt fan dat ik út Terwispel weigien bin” sei hy. Ik sei him dat it beslissings binne dy’t jo op dat stuit nimme en op dat stuit binne jo der fan oertsjûge dat it in goeie beslissing is. Letter kinne jo sizze: As ik it wer dwaan moast dan soe ik it oars dwaan. Ik soe net prate fan spyt. “Mar witte jo wol wêrom ik út Terwispel weigien bin? “ frege dominy oan my. No nee, dat wist ik net. “Wy koenen net mear rûnkomme, it wie kleare earmoede” fertelde hy.
“De mûzen leinen noch krekt net dea foar de kast, soe men sizze kinne, mar it rûn dy kant al in moai ein út”.
Syn frou stimde dêr mei yn. “As ik de faam betelle hie en har de doar útliet” fertelde sy “ Dan luts ik de doar efter my ticht en gie op ’e matte sitten te gûlen, om’t ik dan net mear wist hoe’t ik de wike rûnkomme moast”.
“Ik ha doe om mear sinten frege.”sei dominy.“mar dat koenen se my net jaan, seinen de tsjerkfâden.”
“Mar jo kinne wol begripe dat ik foar myn húshâlding opkomme moast, en dêrom ha ik doe in berop yn Oentsjerk oannommen. Dêr hienen wy in folle gruttere gemeente en krigen wy it ek in stik nofliker wat de sinteraasjes oanbelanget.” fertelde hy.
“Mar ik hie graach yn Terwispel bliuwe wold.
En efternei besjoen hie it ek wol kinnen,” sei hy, “want at se my fuortdaliks itselde traktemint jûn hienen as wat de dominy dy’t nei my kaam krige, dan wie ik bleaun”. Jo koenen oan him sjen dat it him emosjoneel noch rekke.

Ik tink fan net ien
Doe’t ik mei it notuleboek fan ’e “Protters” op ’e lapen kaam, koe ik sjen dat it him wat die. Hy hat der earst wat yn omblêde, it moast efkes in plakje krije. Mar doe ynienen seach hy alles wer foar him, ek de nammen fan al dy knapen. Hy krige it suver wat te krap.
Jonge knapen dêr’t hy, ien kear yn ’e fjirtjin dagen, syn bêst foar die om harren fan ’e dyk te hâlden en tagelyks besocht harren ek noch wat fan it evangeelje mei te jaan.
Jo moatte jo foarstelle dat dy jonge knapen, dy’t no al santich- plus binne, doe mei grutte earen nei de ferhalen harken fan dominy Strikwerda.
En dat se as lysters de ferskes songen, sa as Grote God wij loven U en de Ambrosiaanse lofzang.
Harren kennende, wol jo dat no hast net oan, mar út de notulen docht bliken dat it wol sa is.
Dochs tink ik dat de spultsjes, it figuerseagjen en it fervjen foar de jonges folle wichtiger wie.
Doe’t ik tsjin dominy sei dat der wol net in soad fan ’e jonges letter yn ’e tsjerke kamen, wie syn andert dêrop: ”Ik tink fan net ien”. Hy sei it mei in glimke om ’e mûle.
Under alle notulen yn it boek stie de hantekening fan ’e skriuwer en fan dominy Strikwerda.
Allinne ûnder de lêste notulen fan 27 maart 1956 stie allinne de hantekening fan ’e skriuwer Chris Liemburg.
Dominy Strikwerda hat no, 58 jier letter, op 25 maart 2014 syn hantekening setten ûnder de lêste notulen fan ’e jongesferiening “De Protters”. Mei sawol hy as ik, de triennen yn ’e eagen.
It notuleboek fan de jongesferiening “De Protters” wie doe foargoed ôfsluten.
Tolve oere, krekt foar dat it iten op ’e tafel kaam, ha ik ôfskied nommen fan dominy Strikwerda en syn frou. Dominy hat my oan ’e doar tabrocht en wy hawwe mekoar betanke foar de moaie moarn.
It wie foar my, sa’t ik al sei, in bysûndere dei.

(Op 25 oktober 2014 hat de tsjerke yn Terwispel 150 jier bestien. Ik mocht doe dit ferhaal fertelle. Ien fan ’e taharkers wie dominy Menno Strikwerda.)