Ik skatte de man op sa’n fiifensechstich. Ik kin in pear jier mis west ha, mar dan ek net mear as in pear jier. It hat yn it begjin fan de simmer fan sânensechstich west doe’t ik wol ris mei him oan de bar fan kafee De Kûper siet.
De Kûper wie doedestiids in nijmoadrige kroech op ’e Gordyk. Foarhinne wie it in gewoan kafee mei in skearwinkel, mar de nije eigener hie der wat moderns fan makke. It hjitte no ek “Bar Dancing De Kûper”. Fan de trije kafees yn de haadstrjitte wie De Kûper wol in grutte útsûndering.
Sneontejûns wie der hast altyd wat te rêden. Oer it algemien kamen der topbands as Bintangs, Q65, Outsiders en dat soarte fan muzyk.
Hja mochten harren kapasiteiten sjen litte yn de boppeseal. It wie der soms sa ferskriklik drok dat sels de trep nei boppe fol stie mei minsken. Under yn de bar wie it ek al like drok as boppe.
By De Kûper koe in soad en in foardiel wie ek dat it nea útferkocht wie, al moasten jo ek yn ’e doarpost stean bliuwe. Feilichheid wie in wurd dat men doedestiids noch net koe, want de needdoar yn ’e boppeseal kaam út yn de dakgoate.
Yn de omjouwing stie it net botte bêst bekint, want as der slaanderij wie dan wie dat yn De Kûper. As der ien troch de ruten nei bûten kaam dan wie dat by De Kûper. Foaral mei de Gordykster merke koe it der alderheislikst om ta gean. Yn ’e boppeseal wie it blau fan ’e reek en it bier rûn by de rúten del. Lykwols koe it der tige gesellich wêze. It folk kaam út hiel Fryslân, om’t it doedestiids in útstrieling hie der ’t in soad jonge minsken harren yn fine koenen. Sis mar it hie wat.
Doe’t ik wat skarrel krige mei Geartsje gie ik der freedtejûns wol gauris hinne om in pear te keapjen. Ik gie der foar njoggenen wer wei, om’t ik Geartsje fan de skuonwinkel helle, der ’t se freedtejûns oant njoggen oere ta wurkje moast.
Dan siet ik earst efkes oan ’e taap in gleske bier te drinken, want de tiid moast dôchs om. En om de hiele tiid te ferdwaan troch op ’e dyk om te sjouwen, is ek neat oan.
De âldere man dy ‘t ik – sa’t ik al earder sei skatten hie op fiifensechstich – kaam as ik der siet – en as hy tafallich ek kaam – gauris efkes by my oanskowen.
It wie net in grutprater, mar sûnder te praten koenen wy ek wol in pear nimme. Hy in jong slokje en ik in gleske bier. Ek om’t de skjinne slokjes my doe noch net smakken. De man krige my wol safier dat ik al ris in skjinnen preaun ha. Lykwols ha ik it dêrnei jierrenlang mar op in kâld gleske bier holden. Op in freed siet ik wer mei de man oan ’e bar en doe ik krekt foar njoggenen fuortgie sette hy ek ôf, want sa as der sei, krige hy folk oer de flier.
Doe’t ik Geartsje om goed njoggen oere by de skuonwinkel helle sei se tsjin my dat we nei har Pake en Beppe moasten. Hja hie mei Beppe ôfpraat dat we efkes lânskomme soenen. Ik koe dan ek foar de earste kear mei harren yn ’e kunde komme. No hie ik der gjin beswier tsjin want ik wie ek nijsgjirrich út hokker laach hja kaam en woe ek wolris mei harren fûstkje.
Sa is it ek beteard, en doe ‘t wy der oankamen stie Beppe al yn ’e doar om it wûnder der ’t har beppesizzer mei op ’e lappen kaam, te bewûnderjen.
“Kom der mar gau yn” waard der sein. Ik toffele der efteroan en doe’t wy yn ’e keamer kamen sei Geartsje,”Sjoch dit is myn Pake”.
De man soe út de stoel wei omheech komme, mar doe’t hy my seach joech er him fuortendaliks wer del, want it die blieken dat Pake my koe en ik koe Pake. Want ik hie mei dizze selde Pake in lyts heal oere ferlyn yn De Kûper noch noflik oan ’e taap sitten.
Pake hat dy jûns net folle sein, mar wat folle spitiger wie, is dat De Kûper in skoft letter ôfbaarnd is. It ein fan in hiel moai stikje jierren sechstich. En op dat stuit in ierlitting foar De Gordyk en omjouwing.
Mar wat foar ús noch folle slimmer wie, is dat Pake yn ’e hjerst fan itselde jier ferstoarn is oan de gefolgen fan in hertstilstân. Hy wie doe sânensechstich.
Ik wie mar in pear jier mis.
so kan het gaan.