Om de twa jier hat Geartsje mei har famylje in neven en nichtedei. Dat is dan fan har memmekant, de Wierings. Geartsje sit mei yn de organisaasje en is op it stuit drok dwaande mei noch in neef en nicht om wat op tou te setten.
Faak dogge se der ek in stikje histoarje by.
Geartsje har beppe, Geartsje van Leer, is lang om let fan Joadske komôf. Hja hienen betocht om dêr omhinne wat te organisearjen. We wisten wol dat hja ôfstammeling wie fan Jacob Mozes, dy’t him as earste Joad yn 1755 op ’e Gordyk te plak sette. Hy is yn 1720 yn Leer berne en letter troud mei Hendrina Abrahams. Letter waard harren famyljenamme, van Leer.
Om mear oer it Joadske gemienskip fan dy omjouwing te witten te kommen ha wy in besite brocht oan it streekmuseum op ’e Gordyk.
Yn it museum is in hiele ôfdieling ynrjochte wat oer de Joaden fan dy kontreien giet. Ek waard der in dokumintêre útstjoerd oer in Joadsk famke dat mei har heit en mem op ’e Gordyk wenne.
Esther Colthof is berne yn 1925 en hat har jeugd en skoalletiid yn de Gordyk troch brocht. Har heit hie dêr in slachterij. Der wie neat oan ’e hân, oant op in jûn op ’e ein fan 1942 in Nederlânske, foar har bekende, plysjeman oan de doar kaam en sei dat se harren de oare deis melde moasten yn kamp Westerbork. Mei de tram binne hja de oare deis ôfset – mei allinne in kofferke mei klean – rjochting Westerbork.
As jo soks wer sjogge dan giet der wol wer wat troch jo hinne, en komt ek wer yn jo boppe dat der doedestiids dôchs mar ien soart goede Dútser wie. It is beslist net ferkeard dat alle minsken in kear mei soksoarte fan histoarje konfrontearre wurde. It is ek goed dat foaral om de betinkingstiden hinne der wer in soad oandacht oan spansearre wurdt. Wy moatte by de les bliuwe, want der hoeft mar wer ien of oare healwize op te stean, en it kin samar wer misgean.
Us twadde besite wie oan it Joadske begraafplak. In eintsje bûten de Gordyk – wat foarhinne Koartsweagen hjitte – leit it yn 1804 oprjochte begraafplak.
De deade Joaden waarden by de Synagoge op ’e Gordyk yn in pream lein en dan farden hja de Dwersfeart del nei it begraafplak.
It begraafplak leit der noch krekt sa hinne as doe’t it yn 1804 oankocht wie. In stikje histoaryske grûn dêr’t men oan sjen kin hoe’t de hiele omjouwing der 200 jier lyn útseach. In stikje ûnbewurke ierde, mei dêr omhinne lân dêr’t alle turf al ôfgroeven is en it no goed yn it gers stiet.
Ek dit is wer in stikje Joadske histoarje en it docht jo wol wat as jo dêr tusken de grêfstiennen rinne. Geartsje hat ek noch fiere famylje fûn, yn safier dat it der yn it Nederlânsk opstiet. Faak stiet it yn it Hebrieusk derop en dêr kinne wy gjin wiis út wurde.
Jacob van Leer, die ’t ek noch famylje fan Geartsje wie, is de lêste Joad die ’t dêr yn 1939 ( 5699 neffens de Joadske jiertelling ) begroeven is.
Nei de oarloch is der net ien mear begroeven om de ienfâldige reden dat der gjinien mear wie.
Ek sil der gjin grêf foar Esther Colthof komme om’t hja mei har famylje al rillegau yn ’t begjin fan 1943 út Westerbork ôffierd is nei Auschwitz en dêr in pear dagen letter op 26 febrewaris troch de Dútsers fermoarde is. Hja wie doe achttjin jier.