Doe’t ik yn in laadsje mei paperassen omsneupte, dat fan ús heit en mem ôfkomstich wie, fûn ik in skets fan in keallebolle.
Neat bysûnders soe men sizze, der binne wol folle mear sketsen. Nee dus.
Hjoed de dei wurde der gjin sketsen mear makke en hawwe alle kij in pear fan dy giele flappen yn ’e earen hingjen. It Europeeske registraasjenûmer dat op dy flappen stiet, is in soart ID kaart en is mei alle gegevens fan bist en eigener opslein yn in sintrale kompjûter.
Eartiids gie dat oars.
Doe waard al frij gau nei dat it keal der wie, troch in man dy’t dêr in oplieding yn hân hie, in tekening fan it bist makke. Op in stik papier, dêr’t de bûtenline fan in ko opstie, waard in lofter en rjochterkant yntekene en dat wie dan mei de nedige ynformaasje in paspoart foar syn as har fierdere libben.
As de ko as bolle ferhannele waard, moast de skets der by wêze.
Utsein as it bist nei de slachter gie, dan bleau de skets noch wolris by de boer yn ’t laadsje lizzen.
Ien maart 1957 is it boltsje, dêr’t ik de skets fan ha, berne op ’e pleats fan Djurre Gaastra oan ’e Griene Dyk yn Terwispel, en syn namme wie gewoan,Jan.
Djurre en Jetske wennen op in, foar dy tiid, grutte pleats neist de Koaibosk.
De Gaastra’s hienen in goed beslach fee en hja sieten ek yn it “Friesch rundvee stamboek”.
Dat sil ek wol de reden west ha werom ús heit by harren in boltsje kocht hie.
Wysels sieten net yn it stamboek, mar ús heit wist drommels goed as it in goeie as in minne bolle wie. Teminsten wat de bûtenkant oanbelange.
Sadwaande is Jan by ús telâne kaam.
Jan syn heit, dy’t hy nearne sjoen hat, hjitte Adema’s Sam mei stamboeknûmer 42186 .
In bolle fan oansjen út it ferneamde Adema laach.
Jan syn mem, dy’t Jan syn heit ek nearne sjoen hat, hjitte Luitje 28.
As Luitje 28 deunsk wie en graach de leafde bedriuwe woe dan kaam Adema’s Sam net efkes om ’e hoeke sjen, mar hja moast it dwaan mei in tin buiske dêr’t it sied by har nei binnen brocht waard en boppedat krige se noch de earm fan ’e ynseminator yn ’e kont.
By Djurre en Jetske op’e pleats wienen it allinne mar b.o.m- kij. Wat dat oanbelange soe Jan it by ús op ’e pleats al in stik better krije dan syn heit.
Adema’s Sam mocht, op it KI stasjon yn Terwispel, sa no en dan op in keunstko omhobbelje om syn sied kwyt te reitsjen, lykas sommige mannen dat dogge mei opblaaspoppen as oare keunstsinnige attributen.
By ús gie it allegear noch op ’e natuerlike wize. By ús koenen de kij genietsje fan Jan syn fjoerwurk. En dat sil grif nofliker oanfield hawwe dan de earm fan ’e ynseminator.
No stie Jan by ús ek net tusken de Corrie’s, Hieke’s en Boukjes.
Nee, Jan hie in l.a.t. relaasje mei harren.
Jan stie oan ’t tsjoar tsjin de Polderdyk oan, en syn froulju wienen, foar him, út it each.
Alle dagen krige Jan in amerfol mei krêftfoer en waard it tsjoar in eintsje fersetten, sadat hy wer farsk gers foar de bek krige.
Us heit soarge derfoar dat Jan yn kondysje bleau.
Dat wie ek wol nedich, want as ien fan syn froulju deunsk waard, dan moast hy der klear foar wêze.
Us heit brocht de ko dan nei Jan ta, en yn ’e bedelte fan ’e Polderdyk rêde dy him der wol mei.
De skeante fan ’e Polderdyk wie ek wol maklik as opstapke. Foaral doe’t Jan krekt út it jongfolk kaam, en noch yn ’e groei siet, hie it der by in grutte ko noch wolris oan dat hy de hichte helje koe.
As ús heit sa’n grutte ko tsjin de Polderdyk oan drukte, koe Jan wat heger wei begjinne.
Jan hat him in jier as wat aardich fernuverje kinnen by ús oan ’e Polderdyk. En dat net allinne mei syn eigen froulju, mar dêr kaam ek noch wol gauris in frommeske fan ’e buert. Men kin wol sizze dat Jan him net ferfeeld hat.
Mar ek oan dat alles kaam in ein, om’t der wer farsk bloed yn it fee komme moast.
Nei’t Jan by ús weigien is hat hy syn prestaasjes nea wer sjen litte kinnen. Teminsten dêr gean ik mar fan út, want oars wie syn skets ek net yn it laadsje lizzen bleaun.