It bliuwt bysûnder dat ik twa kear yn ’t jier myn jierdei fiere kin.
Mar wêrom twa kear yn ’t jier, sil men harren ôffreegje.
No dat sit sa: It hat bliken dien dat yn ’e advertinsje yn ’e Friese Koerier stie dat ik op 17 Maart 1948 berne bin en op it bertekaartsje dat doedestiids ferstjoerd is, stiet 19 Maart.
It is wat in frjemd ferhaal, want oant sa’n tsien jier ferlyn hie ik der sels ek noch nea oer prakkesearre dat it sa ynelkoar siet.
Tsien jier lyn – op ’e earste Liemburg famyljedei – waard ik mei dit feit konfrontearre.
Alt Jans – de sneuper yn ús famylje – hie in bertekaartsje fan my en hy hie ek in kranteknipsel fan ’e advertinsje. Ik hie sels gjin bertekaartsje en ik wist ek net dat it earne yn de krante stien hie.
Myn jierdei fierde ik al 59 jier op 19 maart, om’t dat op it bertekaartsje stiet. Mar werom is dan die 17 maart yn ’e krante kaam.
Litte wy foarop stelle dat it der op ’e Damslûs, net op in dei oankaam.
Men stie dêr wat fierder fan it drokke libben ôf as yn ’e doarpen deromhinne.
It nijs – by ús wie dat de Friese Koerier – kaam ek altyd in dei letter by ús op ’e tafel, sadat it neis al gjin neis mear wie.
In aginda – dêr’t men hjoed de dei beslist net sûnder kin – hienen wy net.
Der waard soms wat op ’e kalinder skreaun, mar dat wie faak ek net mear dan as der in ko kealje moast as wannear it reiske fan De Spar wie.
Us heit wist dat hy sân dagen yn ’e wike, twa kear deis, de folle molkbussen nei de feart bringe moast. Der koe net in dei oerslein wurde, en sadwaande koe hy him der ek noait yn fersinne en wienen op dat mêd alle dagen foar him gelyk.
Och, ik leau ek wol dat hy wolris mei de dagen yn ’e war wie en op freed sturtwaske, wylst hy dat altyd op sneon die.
Wy hoegden ús op ’e Damslûs ek net drok te meitsjen dat de jisketonnen op in bepaalde dei troch de wike by de dyk stean moasten.
Dy tonnen hienen wy doe net, dêr wie sels net iens in dyk.
Alles wat baarne woe gie op ’e brânbult, en alles wat net baarne woe waard bedobbe.
Sels bin ik fan tinken dat ik op 17 Maart berne bin. Op 18 maart sil de postrinner út Langsweagen wol in briefke meikrigen ha foar de advertinsje yn ’e Friese Koerier. It wie doedestiids gebrûklik dat sok soarte fan dingen mei de postrinner gienen.
De man krige de advertinsje mei en in sigaar. Want by us wie it gebrûklik dat by elke “transaksje” dat de man die, hy beleane waard mei in sigaar.
Op 18 Maart 1948 sil de man ek wol mei in sigaar yn it boppehúske fan syn boesgroentsje oer de Polderdyk nei Langsweagen fytst wêze.
Mar wêr’t ús heit sa gau net by stilstien hat, wie dat hy syn nije soan ek noch op it Gemeentehûs op ’e Sweach oanjaan moast.
En it wie ek net samar efkes wat, want hja hienen gau in moanskoft nedich om fan ’e Polderdyk hinne en werom nei de Sweach te fytsen.
En as jo witte dat der op in pleats ek wol gauris argewaasje is dan falt it ek net ta om der efkes tuskenút te knipen.
Jo kinne samar te meitsjen hawwe mei kealderij, en as dat dan in pear dagen efterelkoar wie dan wienen jo ek samar in pear dagen fierder yn ’e tiid.
Sels tink ik dat ús heit in pear dagen letter op in moarn betiid oan it melken wie en ynienen by himsels tocht: “Blinder noch oan ta, ik moat die jonge ek noch op ’e Sweach oanjaan”.
Hy sil doe deselde dei noch wol nei de Sweach fytst wêze om te soargjen dat ik dochs noch yn it trouboekje kaam te stean.
En no tink ik, dat de man op ’e Sweach him der op wiisd hat dat hy te let wie. De man sil wol tsjin him sein ha dat it neffens de wet ferplicht wie om in bern binnen trije dagen oan te jaan, en wienen jo te let dan krigen jo in boete. It wie ûndertusken al de fjirde dei, en dat betsjutte dat ús Heit ta de bûse moast.
Mar no bin ik, ús heit kennende, der foar 100 prosint fan oertsjûge dat ús heit it foarelkoar krigen hat om ûnder dy boete út te kommen, troch yn plak fan 17 maart der 19 maart fan te meitsjen.
En dêrom bin ik der ek hielendal wis fan, dat, doe’t ús Heit de doar fan it Gemeentehûs efter him ticht lutsen hie, de man efter it loket in grouwe sigaar opstutsen hat.