Mear as hûndert minsken hawwe freedtejûn 7 maart yn ’e tsjerke fan Terwispel lústere nei de ferhalen fan Atte Jongstra en Henkie fan de Polderdyk.
Atte fertelde parten fan syn boek Djipte wat oer it doarp Wispolia gie. Hy helle yn syn ferhalen stikken nei foaren dy’t foar de harkers werkenber wienen. Henkie kaam my ferhalen dy’t foar in part te meitsjen hienen mei syn bernejierren op ’e Damslûs oan ’e Polderdyk. Ek foar in soad minsken yn ’e seal werkenber. Hy koe it ek net litte om efkes te fertellen hoe’t sommige jonge âlders tsjintwurdich mei de Fryske taal omgean.
Henkie syn ferhaal oer Roel fan Ytsje waard ôfsluten mei it o sa moaie gedicht “Libbensles” fan âld Terwispeler Jelle Hofstra. It duo J & J soarge dat der tusken de ferhalen troch ek noch in muzikale noat te hearren wie. Douwe Knol soarge der foar dat ûnder de ferhalen bypassende bylden op it skerm kamen. Ek wylst de muzyk spile kamen der âlde foto’s fan minsken en dingen út Terwispel op it skerm. De measte minsken kamen út Terwispel, mar ek in soad folk fan om utens. Ûnder de taskôgers wienen ek de âld boppemaster Jac Jongstra en syn frou, de âldelju fan Atte. Deselde master dêr’t ek Henkie by yn ’e klasse sitten hat. Al mei al is dizze twadde jûn fan Terwispel wer tige slagge. Wat de minsken oanbelanget dy’t op dizze jûn wienen, en dy’t der oan meiwurke hawwe, kin der noch wolris in ferfolch op komme.