It leit yn myn bedoeling om in boekwurk(je) te meitsjen oer de Damslûs en de minsken dy’t wenne ha op de pleats dêr’t ik berne bin. In slûs en pleats dy’t om en de by 1855 boud binne gelyk mei it ynpolderjen fan it 6e en 7e feandistrikt.
Mar fan 1850 oant, sis mar doe’t ús heit en mem yn 1966 fan de pleats gienen, libbet der net ien mear fan de bewenners. As ik ynformaasje as byldmateriaal ha wol moat ik by it neiteam wêze. Oant no ta slagget dat aardich en haw ik al in oantal foto’s dêr’t ik mei oan de slach kin. Mar der is mear. Ik bin der wis fan dat noch by earne yn in laatsje foto’s lizze fan minsken dy’t op de Damslûs wenne ha. Ik bin der ek fan oertsjûge dat der in foto fan de âlde pleats is dy’t yn 1929 ôfbrutsen is. Mar by wa leit dy yn it laatsje! Wa kin my oan byldmateriaal helpe fan foar 1960. Wa kin my wat fertelle oer de minsken dy’t der wenne ha.
Bewenners fan de pleats op’e Damslûs
1855-1877 Jan Alderts van Dam en Hendrikje Hartmans
1877-1880 Anne Jans Buitenga en Hiltje van Dam ???
1883-1905 Jeen Bruinsma en Trijntje v d Veen
1905-1910 Johannes Klazes Hielkema en Tettje Vos (2)
1910-1921 Sipke Sipkes de Boer en Bottje de Jong (1)
1921-1930 Willem van Gorkum en Sietske Sikkema
1930-1935 Sietse Eeuwes Nijboer en Aaltje van Gorkum
1935-1966 Jogchum Alts Liemburg en Grietje Bruinsma
1966-2001 Siebren vd Bij en Mettje Liemburg
2001- no Jochem vd Bij
(Fan de earste bewenners bin ik net wis fan it jiertal, om’t de juste ynformaasje by my ûntbrekt.)
Fan wat nei 1935 komt is my wol bekend, mar fan 1850 oant 1935 moat ik it hawwe fan Delpher, Tresoar en foaral it neiteam. In neiteam dat somtiden al muoilik te efterheljen is.
Mar bûten it neiteam binne der miskien wol minsken dy’t ek ynformaasje foar my ha.
Is der immen dy’t by tafal wat tsjinkomt as dat by immen it ljochtsje opgiet dat der noch wolris earne in foto wêze kin, lit dy a.u.b kontakt mei my opnimme.
Alfêst tige tank. Hindrik Liemburg.